Hoe wurdt in sjurt makke by Baas Himd?

Besjoch hjir hoe’t in sjurt by Baas Himd makke wurdt. Elk sjurt is unyk en de kwaliteit wurdt sekuer yn ‘e gaten holden!

Falt in sjurt grut, lyts of presys goed?

Us leveransier Spreadshirt hat in geweldich oersjoch foar alle sjurs dy’t wy leverje. Underoan alle siden fan in produkt stiet in matetabel. Dêr silst dy earst wol even mei rêde, tink?

Hawwe jim ek kadobonnen?

Jawis! En wat leuk datst oan ús tinkst by in kadootsje! In sjurt fan Baas Himd is fansels in prachtich kado! Sjoer ús in mailtsje mei dyn gegevens en dan stjoere wy dy in kadobon en in rekkennûmer dêr’t dyn sintsjes hinne stjoerd wurde kinne.

Dat iene ûntwerp mei dy banaan… Kin dat ek yn it grien?

Mocht it ûntwerp op it sjurt net presys wêze watsto wolst? Dan kinst mei de Shirtdesigner presys kieze hokker kleuren dyn ûntwerp hawwe moat, hoe grut er wêze moat. Kinst him ek draaie en op de foar of achterkant fan dyn sjurt sette. Alles kin by ús!

As ik hjoed bestel, hoe lang duorret it dan foar’t ik it sjurt yn ‘e hûs haw?

Us produksjeteam is binnen 1 of 2 dagen klear. Dêrnei wurdt it ynpakt en mei in hele sleauwe koerierstsjinst ferstjoerd. Dy jonge docht der dan ek noch sa’n 4 of 5 dagen oer om it by dy oan ‘e doar te bringen. Ast seker wêze wolst, rekkenje dan mar in in wike. Dan hast it grif wol yn ‘e hûs. It kin soms wat langer duorje as dy koerier fan ús ferdwaald is.

Ik haw in idee, mar ik kin it net útfiere. Kinne jim my asjeblyft helpe?

Grif! Nim kontakt mei ús op en dan fertelle wy dy mear!

Myn voucherkoade wurket net… HELP! Wat moat ik dwaan?

It kin wêze dat er ferrûn is, de nije 5% voucherkoade kinst gewoan by ús opfreegje. Stjoer in mailtsje nei  info@halvegaren.nl en wy rêde der mei.